Meld diskriminaasje

Hawwe jo it gefoel dat jo diskriminearre binne? Of binne jo tsjûge fan diskriminaasje? Dan is melden sûnder mis fan belang. Troch melding fan diskriminaasje te dwaan kin der yn in protte gefallen werklik wat oan dien wurde. As jo yn 'e provinsje Fryslân wenje of wurkje, kinne jo terjochte by it Diskriminaasje Meldpunt Tûmba.


Wat docht Tûmba mei in melding?

Tûmba advisearret en stipet jo mei de oanpak fan jo melding. Tegearre mei jo wurdt der nei in oplossing socht. Tûmba ûndernimt nea aksje sûnder jo útdruklike tastimming en jo gegevens wurde strikt fertroulik behannele.

Tûmba past altiten it prinsipe fan hearren en wjerhearren ta. Ofhinklik fan it resultaat dêrfan besjogge wy tegearre mei jo hokke ferfolchstappen oft der nommen wurde kinne. It Kolleezje foar de Rjochten fan de Minske (CRM) kin ynskeakele wurde of der wurdt advisearre oer it dwaan fan oanjefte by de plysje. Tûmba stipet jo dêrby.

Jo kinne jo melding skriftlik, tillefoanysk of online yntsjinje. Meldings kinne ek troch tredden yntsjinne wurde, bygelyks troch in kollega of tsjûge. Jo kinne jo melding ek anonym dwaan.

Yn it Protocol Behandelingen meldingen discriminatie (Nederlands) kinne jo lêze hoe Tûmba omgiet mei meldingen.

Diskriminaasjemelding

Ik wol graach in anonime melding dwaan

Jo gegevens

Tûmba jout jo persoansgegevens nea troch oan tredden

Namme

E-post

Organisaasje

Adres

Gemeente *

Postkoade

Wenplak

Tillefoan

Slachte

Man
Frou
Genderneutraal

Leeftyd

Koarte omskriuwing fan it foarfal

Ik wol graach in wiidweidich melding dwaan

Foarfal

Datum foarfal

Plak foarfal

Troch wa binne jo diskriminearre

Der is oanjefte dien by de plysje

ja
nee

Ik wol benadere wurde troch Tûmba

Kenniscentrum discriminatie en diversiteit
Tûmba 058 215 77 71