Discriminatie op grond van taal
(Taal)diskrimaasje? nei Tûmba ta!
"Kunt u ook gewoon Nederlands praten?"
Elts dy 't went is Frysk te sprekken, hat dizze diskriminearjende réaksje wol ris krigen. Tûmba is der ek foar dit soarte klachten. Diskriminaasje fan it Frysk nimme wy serieus. En dat jildt fansels foar alle talen dy 't yn Fryslân sprutsen wurde, dus bygelyks ek foar it Bilts, it Stellingwerfs en it Liwwadders.
Dus: (Taal)diskrimaasje? Nei Tûmba ta!
Tûmba wurket op dit terrein gear mei de Ried fan de Fryske Beweging, de provinsje Fryslân en it Konsultatyf Orgaan foar it Europeesk Hânfest foar Regionale of Minderheidstalen.
Rjochten boarger om it Frysk te brûken:
Rjochtsferkear
• It Frysk brûken is mooglik yn de rjochtsseal. Is de rjochter it Frysk net machtich, dan hawwe jo rjocht op in oersetter.
• Frysk yn it skriftlik ferkear mei de rjochtbank is tastean.
• Bewiisstikken kinne jo yn it Frysk oanfiere.
• Notariële akten kinne ek yn de Fryske taal opsteld wurde. Bytiden wurdt hjir wol in ekstra fergoeding foar frege (foar oersetting).
• De karbrieven fan Fryske ferienings en stiftingen kinne yn it Frysk opsteld wurde en yn it Frysk ynskreaun wurde yn it Hannelsregister. As in belanghawwende in oersetting yn it Nederlânsk hawwe wol, dan moat de feriening dy oerhandigje kinne. Is sa'n oersetting net beskikber, dan moat dy troch in beëdige oersetter dien wurde.
• Jo kinne jo skaainamme yn it Frysk ynskriuwe litte en ek feroarje nei it Frysk ta
Ûnderwiis
• Frysk kin yn it basisûnderwiis as fiertaal brûkt wurde
• Frysk is in regulier fak yn it basisûnderwiis, op alle skoallen wurdt dus Frysk jûn, útsein op skoallen mei in ûntheffing. Oer it oantal oeren bestiet noch wol betizing.
• Yn it foarset ûnderwiis kin it Frysk as eineksamen fak keazen wurde (fakultatyf)
• Yn it earste jier fan it foarset ûnderwiis is it Frysk as fak ferplichte
• Eksamens yn it Heger ûnderwiis kinne yn it Frysk dien wurde,mits de skoalle dat tastiet.
Bestjoerlik ferkear
• Gemeenten kinne sels bepale of se harren plaknammen yn it Frysk of Nederlânsk of beide, werjouwe.
• Akten fan boargerlike stân wurde yn de provinsje Fryslân twatalich opsteld, Frysk en Nederlânsk
• Yn Fryslân festige bedriuwen kinne harren miljeuferslach oan in bestjoersorgaan yn Fryslân yn it Frysk oanleverje. Yn sommige gefallen wurdt der wol om in Nederlânske fertaling frege.
• Belestingplichtigen meie it Frysk brûke by it yntsjinjen fan oanfragen en/of beswierskriften foar safier de ienheden fan de Belestingtsjinst yn Fryslân festige binne.
• Op grûn fan de Algemene Wet Bestuursrecht is it mooglik om mei bestjoersorganen yn de provinsje Fryslân yn it Frysk te kommunisearjen, sawol mûnling of skriftlik.
Hjirûnder falle ek de selsstannige bestjoersorganen en dekonsintrearre rykstsjinsten. Dizze bepaling giet net op as it oanbelangjende bestjoersorgaan yn har belied (bygelyks troch middel fan in taaloardening) fêstlein hat dat op grûn fan "ûnevenredige belesting fan it bestjoerlik ferkear" lade soe.
• Nei de Nationale Ombudsman kinne jo ek yn it Frysk skriuwe.
• De polysje wurdt achte it Frysk passyf te behearskjen
• Bestjoersorganen meie jo yn it Frysk oansprekke. Mar freget de boarger om oer te gean op it Nederlânsk, dan moat dat ek dien wurde.
• As bestjoersorganen it Frysk brûke wolle yn it skriftlik ferkear, moatte se dêr regels oer stelle bygelyks troch in taaloardening
• Yn de gearkomsten fan fertsjintwurdigjende organen dy't yn Fryslân fêstige binne (tink oan de gemeenterie en Provinsjale Steaten mar ek oan wetterskippen) mei eltsenien gewoan Frysk prate. En wat yn it Frysk sein wurdt, wurdt ek yn it Frysk notulearre.
• De eed of belofte kin yn it Frysk ôflein wurde. Dat jildt foar de provinsje en it Rykswettersteat mar ek foar Earste en Twadde Keamerleden.
Mei de oerheid it Frysk altyd brûke yn skriftlike kontakten?
Soms moat in Frysk stik ek yn it Nederlânsk steld wurde. Stikken dy't algemien ferbinende foarskriften (bygelyks in feroardering) of beliedsregels ynhâlde moatte ek yn it Nederlânsk steld wêze. Foar sokke situaasjes bestiet der dus in ferplichte dûbeltaligens. Eltsenien, Frysktalich of Nederlânsktalich, moat dy foarskriften en beliedsregels ommers lêze kinne. Stikken dêr't de ferplichte dûbeltaligens foar jildt wurde yn alle gefallen ek yn it Nederlânsk bekend makke of op ynsjen lein. Dat hoecht allinnich net as yn alle ridlikens oannommen wurde kin dat dêr gjin ferlet fan is.
Fierder moatte stikken dy't ornearre binne foar oerheidsorganen dy't bûten Fryslân fêstige binne of foar bestjoersorganen fan de sintrale oerheid (ek) yn it Nederlânsk skreaun wêze. Tink dêrby oan in brief fan de provinsje Fryslân oan in Ministearje yn Den Haach.
Hokker regels jilde der foar skriftlike stikken?
Oerheidsorganen dy't yn Fryslân fêstige binne en dy't net by de sintrale oerheid hearre (dus de Fryske gemeenten, de provinsje, wetterskippen), kinne regels opstelle oer it gebrûk fan it Frysk yn skriftlike stikken. Yn dy regels kin fêststeld wurde dat skriftlike stikken óf yn it Frysk óf yn it Nederlânsk skreaun wurde. Ek kin fêststeld wurde dat beide talen yn dy stikken brûkt wurde moatte. De Minister dy't ferantwurdlik is foar ûnderdielen fan de sintrale oerheid dy't harren wurkgebiet yn Fryslân hawwe, kin ek sokke regels opstelle. Om der efter te kommen hokker regels jilde foar skriftlike stikken kinne jo dus it bêste streekrjocht kontakt opnimme mei jo gemeente of mei de provinsje.
Wannear kin ik in Nederlânske oersetting krije?
As in stik yn it Frysk skreaun is foarsjocht it oerheidsorgaan jo op jo fersyk fan in Nederlânske oersetting. Dêr moatte jo soms wol in fergoeding foar betelje. Dy fergoeding hoege jo net te beteljen as it bygelyks giet om de notulen fan de gemeenterie en jo hawwe in direkt belang by it ûnderwerp dat yn de notulen neamd wurdt. Itselde jildt as jo in beskikking ûntfongen hawwe dy't yn it Frysk steld is.










