Fryslân falt foar Fair Trade
Leeuwarder Courant, 6 november 2008,
Noor van der Graaff, Fairtrade-meiwurker Tûmba
Fryslân fielt foar Fairtrade, al jierren. Ferhâldingsgewiis wiene en binne der in soad Wereldwinkels yn Fryslân, hast de helte mear as it lannelik gemiddelde. Fjouwer op ‘e tsien Friezen wolle wol tsien prosint mear betelje foar in Fair Trade-produkt, blykt út ûndersyk fan vraaghetdevries.nl. De Lidl adverterarret mei in kwartpagina mei Fairtrade-produkten. En mei koarten krijt Fryslân syn earste Fairtrade restaurant, yn De Jouwer.
Eltse Fries is in wrâldboarger, ek hy of sy dy ‘t dat noch net wit, skriuwt de provinsje. Hieltyd mear Friezen wolle dat wêze. Se gunne in oar in plakje ûnder de sinne en wegerje produkten te keapjen dêr 't net in earlike priis foar betelle is, of dy 't makke binne troch bern ûnder miserabele omstannichheden.
It begûn - jierren lyn - mei de kofje, mar hjoeddeidei kin je bananen, sûkelade, katoen, iis, wyn, rys, fruchtesappen, shirts, tassen, kado's en neam mar op keapje mei it Fairtrade-keurmerk. En de omset giet noch hieltiten gigantysk omheech.
Hip
Je hoege gjin wrâldferbetterder te wêzen om Fairtrade te keapjen, want mei troch ynisjativen fan Floortje Dessing en Katja Schuurman is it ek gewoan hip. De eigner fan it earste Fryske Fairtrade restaurant, dy 't noch even geheim bliuwe wol - "ik wol der earst goed klear foar wêze en ik sit noch mei in âlde foarried" - hat ek net hiele grutte idealen: "Ik fûn de keuken wat saai wurden, wie oan in nije útdaging ta. Mar ast der dan ien kear mei begjinst wurdst hieltiden entûsiaster foar Fairtrade".
Minsken keapje Fairtrade omdat se witte dat de produsearjende boeren in fatsoenlike priis krije. Mar dat moat je net oerdriuwe, blykt út ûndersyk troch de heechlearaar Ruerd Ruben. De boeren krije in fêste priis en dat makket it grutte ferskil. Se hawwe dêrtroch tagong ta kredyt, kinne grûn keapje en doare mear te ynfestearjen yn ûnderwiis foar de bern. Boppedat is de hegere rjochtpriis yn in soad regio's de noarm wurden: oare bedriuwen kin dêr net mear ûnder sitten gean. En sa sit de hiele lokale mienskip yn de lift! Yn Trouw van 29 oktober jout Ruben it foarbyld fan de ananasgigant Dole: "In Ghana ligt een Fairtrade plantage van banenenboeren naast een grote plantage van de Amerikaanse multinational Dole. Dole heeft moeite om arbeiders te contracteren omdat die allemaal bij de beter betalende Fairtrade-coöperatie willen werken. Als gevolg daarvan verhoogde Dole de lonen en andere arbeidsvoorwaarden tot Fairtrade-niveau".
Merkoandiel moat grutter
Ruerd Ruben is net allinne mar posityf. Hy warskôget: Fairtrade moat trochgroeie want oars hat it konsept op termyn gjin libbenskrêft. It merkoandiel moat fan 3 nei 20 prosint. De kânsen binne der, seker yn in tiid dat hast elts twifelt oan de almacht fan de frije merk.
Al de Friezen dy 't al in soad sympaty hawwe foar Fairtrade soene no in echte relaasje mei de produsinten oangean moatte. Dat kin bygelyks troch Fairtradedoarp, -stêd of -gemeente te wurden. Dêr binne foarwaarden foar: de gemeenteried moat him útsprekke foar Fairtrade en dêrnei hannelje, der moat in stimulearjende gemeentelike wurkgroep komme, skoallen en tsjerken moatte de produkten brûke, en se moatte dúdlik sichtber te keap wêze by de lokale middenstân en horeka. Der moat dus wat foar barre, mar oan ynset hat it de Fryske wrâldboargers noait ûntbrutsen. Se rinne har it fjoer út de sloffen foar projekten yn ûntwikkelingslannen.
Fairtrade doarpen
Oan 't no ta leit Fryslân net foarop as it giet om it predikaat Fairtrade. De Belgen en Ingelsen dogge it better. Yn Ingelân binne der al 300 Fairtrade-doarpen en -stêden. Grins liket de earste Nederlânske Fairtrade-stêd te wurden. Dat is fansels earnstich, mar wy gunne it ús kollega's. Mar wat let de Friezen om Fairtrade-gemeente of -doarp te wurden? Of Fryslân as earste Fairtrade provinsje? Dat soe folslein passe by de ambysjes fan it kollege fan Deputearre Steaten. En dan proaste, mei Fairtrade-wyn.










